It prachtige Ljouwert

Leeuwarden

It bed en brochje

het huis

Gasthear en gastfrou

gastheer

Hus.frl betsjut huis,hûs, house of Haus yn Fryslân; it bêste lân fan d’ierde(*1). Us hûs stiet oan’e griene râne fan’e binnestêd fan Ljouwert yn’e karakterestike wenwyk Welgelegen.

It  hûs  jout in gaadlik plak om tydlik te útfanhûzjen. Yn’e âlderwetske sfear fan dizze moaie, rom opsette en rêstige wenwyk fine jo in bad , bêd, en bôle. It hûs jout jim in noflike keamer mei tal fan foarsjennings en persoanlike frijheid.

De beskieden keamer hat in klassike basis mar is modern ynrjochte (*2). De keamer hat in lyts balkon, in badkeamer/wc, TF, wifi en in mini keuken mei tal fan foarsjennings (*3) . De bôle foar it moarns-iten wurdt moarns oan’e doarkruk hongen wêrnei’t jo it op jo eigen tiidstip yn’e ûne ôfbakke kinne. It bôlebeliz en alles wat jo fierder noch noadich hawwe fine jo yn’e kuolkast.

Net fier fan fan Hus.frl fine jo winkeltsjes en lytse yttintsjes op likernôch tsien minuten rinnen fan’e binnestêd ôf. De auto kinne jo fergees kwyt op fiif minuten rinnen fan Hus.frl.

Ljouwert hat in protte kultuer, natoer en wetter. De winkels, musea, tal fan stedsparken, mar ek de stedsgreften jouwe in protte wille en fertier by moai, mar ek by min waar. Boppedat is der in protte skjinne frisse lucht!

De provinsje Fryslân hat in eigen karakter, mei in eigen âlde taal, eigen gebrûken, alve prachtige histoaryske stêden en in protte keunstskatten. De natoer is der bysûnder moai, fier en hein sjocht men de kimen en de provinsje hat de skjinste lucht fan Nederlân.

Seker as jo bûten de wenstige paden geane dan kinne jo genietsje fan it plattelân, mar ek fan’e skjintme fan’e fjouwerentweintich marren. Jo kinne hjir treflik reizgje te foet, op’e fyts, mei de auto of de trein, mei de boat en dit allegearre sil jo ferbliuw grif noflik meitsje!

(*1)Fryslân is in provinsje fan Nederlân en hat in eigen folksliet wêryn’t it lân besongen wurdt as “it bêste lân fan d’ierde”. (sjoch hjir)

(*2)De klassike eleminten binne de hal, de treppen, doarren en antike skou yn’e keamer. De moderne ynrjochting bestiet ûnder oaren út in (reproduksje) skilderij fan Gerrit Benner, de Ljouwerter skilder fan Fryske lânskippen en de “design”-balkonstuollen. Dy lêste soe ik der net bysette, LvdM

(*3) In ienfâldich miel iten kin makke wurde op’e elektryske twapitter. Ek is der in kuolkast, kombimagnetron, in wettersierder en in kofjesetapparaat.

(*4) Roetkaart